Studinten meitsje spesjale klip

24 des 2005 - 14:47

Twa studinten fan de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert ha spesjaal foar de organisaasje WereldOuders in klip by it nûmer 'Love will be our home' makke. WereldOuders soarget foar weesbern yn Súd- en Midden-Amearika.

Yn de klip binne de bern út de weeshuzen de stjerren. Doel is om op dizze wize reklame foar de organisaasje te meitsjen. De klip en de muzyk is fergees te downloaden fia de website www.wereldouders.nl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)