Studinten meitsje plan feestâl

20 jan 2011 - 15:30

Hoe kin in melkfeestâl útwreide wurde? Dêr ha studinten fan de NHL, de AOC en Van Hall Larenstein ûndersyk nei dien. Twa plannen moasten de studinten yntsjinje: ien dat oan de easken fan de boer foldocht en ien dêr't se de frije hân yn hawwe.

Hans van Gosliga, melkfeehâlder by Wâldsein, wol achter syn besteande stâl útwreidzje. De studinten mochten dêr in plan foar meitsje, rekken hâldend mei de winsken fan de boer. Tongersdei presintearren se har plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)