Studinten meitsje evakuaasjeplan foar Fryslân

13 nov 2015 - 17:17

Wat as alle ynwenners fan Fryslân op in dei de provinsje ferlitte moatte? Hoe pakke wy dat dan oan? Dêrfoar is in evakuaasjeplan nedich. Dit is ien fan de projekten fan it Media Art Festival yn Ljouwert. In groep studinten fan de Akademy foar Popkultuer út Ljouwert wurket ûnder lieding fan keunstner Arne Hendriks út Den Haach oan in grut evakuaasjeplan foar Fryslân.

Soad ideeën
Neffens Daan Branding, ien fan de projektlieders fan it evakuaasjeplan, binne der al in soad ideeën. ''We soene ús allegearre sammelje moatte op ien plak: it knooppunt fan De Jouwer. Fan dêr út geane wy mei-inoar nei in plak dêr't allegear grutte boaten op ús wachtsje. Alle Friezen kinne dêr op. It is noch net bekend wêr't wy dan hinne sille. In soarte fan Ark fan Noach idee'', sa seit de projektlieder.

Organisaasjes wurkje gear
De studinten prate oer it plan mei ûnder oare de Fryske brânwacht, de plysje, it leger en de gemeente, sadat der in goed plan betocht wurde kin. It komplete plan moat klear wêze op de lêste dei fan it Media Art Festival op 21 novimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)