Studinten meitsje Europa-reis

18 nov 2011 - 11:57

Fiif studinten fan de NHL sille in reis troch Europa meitsje om jild op te heljen foar de Doe-een-Wens Stichting. De studinten wolle yn 50 dagen sawat 10.000 kilometer ôflizze. Se wurde sponsore en se wolle troch nije útdagingen jild fertsjinje. Besikers fan de studintewebside Mjuks kinne dy útdagingen opjaan. As de útdaging slagget, giet it jild nei de Doe-een-Wens Stichting.

De studinten binne op it idee kaam troch in skoalopdracht. Se moasten Europa yn en wat mei de studintewebside Mjuks dwaan. De groep woe him ek maatskiplik ynsette en sa binne se op it idee kaam om mei in Europa-reis jild op te helje foar de stichting. Op 25 novimber sette se ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)