Studinten krije plak yn Boalsert

02 nov 2001 - 00:00

Bûtenlânske studinten fan de CHN yn Ljouwert krije ûnderdak yn Boalsert. 20 studinten út Sina en Vietnam komme yn in appartemintekompleks yn Boalsert te wenjen. Earder wennen dêr studinten fan de suvelskoalle.

De CHN ferwachtet dat it tal bûtenlânske studinten de kommende jierren útwreidzje sil fan 450 no oant 1250 yn 2005. Der wurdt noch definitive wenrûmte socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)