Studinten krije foarljochting oer brânfeilichheid

21 aug 2015 - 15:48
  • Brânmelder

Earstejiers studinten yn Ljouwert krije takom wike yn har yntroduksjeperioade foarljochting oer brânfeilichheid. Der is in foarljochtingsfilmke en studinten kinne yn in kontener sels fiele hoe dreech oft it is om út in hûs te kommen dat yn de brân stiet, sûnder flechtplan. Ut ûndersyk hat bliken dien dat in soad studintehûzen gjin goeie reekmelder of brânblusapparaat hawwe.

En op flechtrûtes stiet fan alles yn 't paad. De kampanje oer brânfeilichheid is opset troch studinten fan de NHL.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)