Studinten helpe Lubbers mei rede

06 maaie 2006 - 12:59

Ljouwerter studinten fan de Thorbecke Akademy ha âld-premier Ruud Lubbers holpen mei de nasjonale befrijingsrede. Dy hat Lubbers freed om 11.00 oere yn Ljouwert útsprutsen.

De 13 studinten sprutsen mei Lubbers oer saken as oarloch, frijheid en feilichheid. En dan benammen oer hoe't de jongeren dêr tsjinoan sjogge. Arjan Hof fan de Thorbecke Akademy hat ek by Lubbers op besite west. Hy hopet dat de jeugd har oansprutsen fielt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)