Studinten hâlde winkeldief oan

22 jan 2010 - 10:56

Twa studinten fan de Plysje-akademy hawwe tongersdeitemiddei yn De Jouwer in 15-jierrige winkeldief út Drachten oanhâlden. De studinten diene op dat stuit krekt in praktykeksamen. Se hearden op de Midstrjitte ien 'Houdt de dief!' roppen, seagen de fertochte rinnen en hâlden him oan.

De jonge hie nei alle gedachten yn in winkel in pear skuon stellen. Hy is nei it plysjeburo brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)