Studinten fiskje fytsen op

27 aug 2010 - 15:47
  • Studinten hellen freed fan alles út de Potmarge

In flink tal fytsen, âlde tassen, prullebakken en sels hiele stekken kamen freed nei boppen by it dregjen fan de Potmarge yn Ljouwert. Mear as 300 nije earstejiers-studinten ha twa oeren dwaande west mei lange stokken en losse heakken om te besykjen de Potmarge wer leech te krijen.

De jacht op fytsen en oar âld izer wurdt alle jierren hâlden as ôfsluting fan de yntroduksjewike. Dat dregjen is ornaris yn de binnenstêd, mar dêr koe it net fanwege de freedsmerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)