Studinten dogge mei oan IFKS mei eigen skûtsje

10 jan 2015 - 15:52
  • Orionis

Studintesylferiening Orionis út Amsterdam docht takom simmer mei mei in eigen skûtsje oan it IFKS-skûtsjesilen. De feriening farde de ôfrune jierren al mei op in oar skûtsje, mar no hawwe se sels in skip.

Orionis is de earste studintesylferiening yn Nederlân dy't in skûtsje kocht hat. Se sille net allinnich sile yn de lytse A-klasse. It ûnderhâld fan it skûtsje 'De tiid sil 't leare' nimme se ek foar harren rekken. As tarieding op it IFKS-skûtsjesilen sille se al earder meidwaan oan oare wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)