Studinten diele fergees snert út

15 jan 2005 - 16:32

Studinteferiening Wolwêze yn Ljouwert hat in bysûndere aksje betocht om alle minsken te betankjen dy't jild jûn hawwe oan Giro 555. De studinten wolle tongersdei op it Waagplein yn Ljouwert fergees eartesop útdiele.

Wolwêze neamt it 'fantastysk' dat de minsken har it lot fan de slachtoffers yn Azië sa oanlûke. Earder hellen de studinten 1800 euro op mei in benefytfestival foar giro 555.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)