Studintehuzen net brânfeilich

24 apr 2001 - 00:00

Lang net alle studintehuzen yn Ljouwert hawwe in ferklearring fan brânfeiligens. Fan de 250 hûseigners dy't in fergunning oanfrege hawwe, hawwe hûndert ien krigen. De gemeente Ljouwert rint achter mei de kontrôle.

Ein 2002 moatte alle studintehuzen in fergunning hawwe. Faak binne studintehuzen net brânfeilich. Dat die moandei bliken by in brân yn Swol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)