Studint mei autisme begeliede

02 apr 2014 - 16:04
  • Jelle van den Berge

Spesjale studintehûzen foar jongerein mei autisme binne yn opkomst. Yn fiif jier tiid hat de organisaasje Stumass yn hiel Nederlân 27 iepene, wêrfan ien yn Ljouwert. Jongeren mei autisme dy't oan it HBO of de universiteit studearje, wenje hjir ûnder begelieding. Se krije help by de stúdzje en it húshâlden en finânsjes. Ut ûndersyk docht bliken dat de jongerein it mei dizze help it better dogge as earst. De takomst fan dizze studintehûzen is lykwols ûnwis. Fan takom jier ôf wurdt it net mear lanlik regele, mar gemeentlik.

Woansdeitejûn is der iepen hûs by Stumass Ljouwert. Elkenien dy't mear oer autisme of oer dizze wenfoarm witte wol, kin delkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)