Studint CHN nei sivile rjochter

27 nov 2002 - 00:00

In studint dy't fan de CHN yn Ljouwert stjoerd is, moat nei de sivile rjochter om dat beslút oan te fjochtsjen. Dat hat de bestjoersrjochter yn Ljouwert tongersdei sein.

De studint waard fan skoalle stjoerd om't er om antwurden socht hie yn in romte, dêr't er gjin tagong hie. De bestjoersrjochter docht gjin útspraak yn de saak om't it net giet om in iepenbiere mar in kristlike skoalle. Op 4 desimber tsjinnet de saak opnij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)