Studearje hoecht op de NHL tenei net mear de hiele dei troch

24 mrt 2016 - 11:59
  • De NHL yn Ljouwert

Studinten kinne fan takom stúdzjejier ôf fleksibele dieltiidopliedingen folgje oan de NHL yn Ljouwert. Dat betsjut dat learlingen fan de hegeskoalle sels bepale meie hokker modules se folgje. En mei dy boublokken bouwe se dan in folsleine oplieding.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat dieltiidstudinten it leafst in kombinaasje hawwe wolle fan online en klassikaal ûnderwiis, en selsstúdzje. Foar alle modules dy't se ôfmeitsje, krije de studinten in sertifikaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)