Strúsfûgel rint op sneldyk A7 by Fryske Peallen

02 apr 2016 - 14:01

Ferkear op de A7 by Fryske Peallen hat sneontemiddei lêst hân fan in losrinnende strúsfûgel. By de ANWB kamen meardere meldingen binnen fan bestjoerders dy't it bist rinnen seagen. De plysje en meiwurkers fan Rykswettersteat besochten it bist te fangen, mar nei in oere die bliken dat it bist ferdwûn wie. 

De fûgel komt nei alle gedachten fan in kwekerij yn de buert fan De Lieke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)