Struktuur 68 wint keramykpriis

19 aug 2014 - 11:41

It keramysk atelier Struktuur 68 yn Den Haach krijt freed yn keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert de Van Achterberghpriis útrikt. De priis bestiet út fyftjintûzen euro. De Van Achterberghpriis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt oan in persoan of ynstelling dy't in bysûndere bydrage levere hat oan de ûntwikkeling fan de keramyske keunsten yn Nederlân.

De priis giet dit jier nei Struktuur 68 fanwege de fakbekwaamheid fan de meiwurkers. Dat soarget derfoar dat keunstners dingen meitsje dy't oars nea ta stân kaam wiene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)