Strukton bout parkeargaraazje

17 nov 2004 - 10:18

Boukombinaasje Strukton/Hegeman en GTI meie de nije parkeargaraazje yn Ljouwert bouwe. Dy komt ûnder it Aldehoustertsjerkhôf. De gemeente jout de foarkar oan dizze boukombinaasje boppe fjouwer oare konkurrinten.

Der komme 525 parkearplakken yn de nije parkeargaraazje dy't yn 2006 klear wêze moat. De kosten binne 20 miljoen euro. De bou bart yn fazen om safolle mooglik parkearromte te hâlden en de oerlêst foar ûndernimmers te beheinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)