Struiweinen ride noch altyd

29 mrt 2013 - 20:43
  • Struisâlt

It struien giet dizze winter al hast in moanne langer troch as oars. Dat sizze meiwurkers fan Rykswettersteat, Provinsjale Wettersteat en Omrin. Dat binne trije organisaasjes dy't ferantwurdlik binne foar in grut part fan de Fryske diken. Gewoanwei duorret it struien oant begjin maart. Nei alle gedachten is der net folle mear sâlt op de diken kaam as oars. Dit komt omdat der net de hiele winter troch struid is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)