Struibiljet VVD falt ferkeard

02 mrt 2006 - 18:23

De gemeente Smellingerlân is min te sprekken oer in struibiljet fan de VVD. De liberalen melde op de flyers dat se tsjin in ferheging fan it parkeartaryf yn it sintrum binne.

Neffens de wethâlders Feenstra fan romtlike oardering en Kuipers fan finânsjes kloppet dat net, want it útstel om it parkeartaryf te ferheegjen waard op 7 ferbewaris unanym oannommen troch de riedsfraksje fan 'e VVD.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)