Strop winkellju Frjentsjer

26 mrt 2012 - 20:02

Undernimmers op it súdlike yndustryterrein yn Frjentsjer rinne tsientûzenen euro's omset mis troch de renovaasje fan de Stasjonsbrêge. Minsken dy't nei de winkels wolle, moatte mei de auto kilometers omride fia de nije rûnwei. Boppedat wurdt op dy rûte wurke oan in nije rotonde en dat betsjut noch mear opûnthâld.

Foar fytsers en fuotgongers fart in pontsje, mar dat kin de stream passazjiers betiden net oan. Minsken moatte dan ekstra lang wachtsje en misse dêrtroch de trein.

De wurksumheden binne ferline wike moandei begongen en de provinsje hat tasein dat de brêge freedtemiddei wer brûkt wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)