Strop troch snie op gers

16 apr 2010 - 21:29
  • Skea foar melkfeehâlders troch min gers

Melkfeehâlders yn hiel Fryslân hâlde in behoarlike finansjele strop oer oan de winter. It gers yn de greiden hat bot te lijen hân fan de snie en de sterk wikseljende temperatueren.

At boeren dat werstelle moatte, kinne se de earste sneed gers hielendal misrinne of der komt foarearst minder gers fan it lân. It werstellen fan it lân kin wol 250 euro de bunder kostje. Minder gers betsjut ek dat de boeren mear fretten keapje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)