Stroomútfal troch hjerststoarm

07 okt 2003 - 00:00

Troch it minne waar is moandeitenacht de stroom útfallen op in pear plakken yn it suden fan 'e provinsje, tsjin de grins mei Oerisel. Yntusken binne alle problemen ferholpen.

Fanwege de stoarm en de hurde wyn binne op guon plakken ek beammen omwaaid. Dat wie ûnder oaren it gefal yn Drachten. Fierders is de wjerljocht ynslein yn in wynmûnepark by Hjerbeam. It ferkear op de dyk moat ek tiisdei oerdeis en jûns foarsichtich wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)