Stroomstjitwapen yn 'e auto

13 jul 2009 - 12:16

Op de Bremerwei by Sigerswâld hat de plysje moandeitemoarn twa manlju oanhâlden dy't in stroomstjitwapen by har blykten te hawwen. De mannen binne 19 en 20 jier en se komme út Utrecht. Se foelen op troch har nuver rydgedrach.

Doe't de manlju troch de plysje steande hâlden waarden, waard it wapen ûnder de stoel fan 'e sjauffeur fûn. De twa binne ynsletten. It wapen is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)