Stroomsteuring yn NE-Fryslân

18 feb 2013 - 10:47
  • stroomsteuring Kollumerlân
  • winkel stroomsteuring tsjusternis

In protte doarpen yn it noardeasten fan Fryslân hat moandeitemoarn in skofke sûnder stroom sitten. Under oare Kollum, Bûtenpost, Kollumersweach, De Triemen en Boerum waarden troffen. Oarsaak wie in regelstasjon yn Bûtenpost dat troch ûnbekende oarsaak útfoel.

Troch maatregels fan netwurkbehearder Liander hiene hast twatûzen oanslutings om kertier foar alven wer stroom. In pear minuten letter wie dat by de oare goed 3700 oanslutings ek it gefal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)