Stroomsteuring yn Ljouwert

25 maaie 2011 - 10:28

Yn parten fan Ljouwert is woansdeitemoarn de stroom útfallen. It giet om in spontane steuring yn in kabel. Dertroch binne 17 transformatoaren útfallen, benammen yn de Vrijheidswyk. it giet mei-elkoar om 1200 húshâldings.

Behearder Enexis is dwaande om de steuring te ferhelpen. Dit giet dreech om't de reservekabel yn reparaasje is. In grut aggregaat is ûnderweis út Hoogeveen om de oanfier fan stroom te herstellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)