Stroomsteuring yn Gaasterlân

16 jan 2014 - 12:53

Der hat tongersdei oan it begjin fan de middei in stroomsteuring west yn de omkriten fan Harich, Riis, Rûgehuzen en Alde- en Nijemardum. Netbehearder Liander hat witte litten dat mar sa'n 60 oanslutings lêst hiene fan de steuring. Nei in healoere wie it euvel oplost. Oer de oarsaak is noch neat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)