Stroomsteuring yn Drachten

03 jan 2008 - 13:58

Drachten hat tongersdei foar in part twa oeren sûnder stroom sitten. Guon doarpen yn 'e omkriten fan Drachten hiene ek lest fan 'e steuring. Dy stroomsteuring begûn tongersdeitemoarn om in oere of healwei alven yn in kabel yn Oerterp. Nei de oarsaak dêrfan wurdt ûndersyk dien. De twatûzen troffen húshâldens hawwe ûnderwilens al wer stroom. Dy krije se troch in oare kabel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)