Stroomsteuring yn Deinum

21 aug 2012 - 12:16

Sa'n 300 húshâldens yn de omkriten fan Deinum hawwe sûnt healwei alve tiisdeitemoarn lêst fan in stroomsteuring. Netbehearder Liander tinkt dat de kabel mei graafwurk fernield is. Monteurs binne dwaande om de steuring op te lossen. In diel fan de hushâldens hat al wer stroom. Liander tinkt de steuring om 1 oere hinne hielendal oplost te hawwen

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)