Stroomsteuring yn Akkrum

17 jun 2002 - 00:00

Akkrum is snein troffen troch in stroom-steuring. Inkelde tsientallen wenten yn de wyk Leppebuorren sieten in pear oeren sûnder elektrysk. Oarsaak wie in stikkene oansluting.

Tidens de reparaasje hiene de klanten te krijen mei in haperjende stroom- tafier. De klachten binne no foar it grutste part oer. Yn noch inkelde wenten is it noch net alhiel klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)