Stroomsteuring by Wurdum

14 jul 2002 - 00:00

Wurdum, Wytgaard en de Ljouwerter wyk Suderbuorren hawwe snein in skoft sûnder stroom sitten. De steuring begûn om healwei achten. Gefolch wie dat ek de ferkearsljochten op de krusing A32-Wurdum útfoelen.

Enerzjybedriuw Essent hat de steuring oplost troch de stroom om te lieding. Om 13.00 oere wie it wer klear. De oarsaak fan de steuring is ûnbekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)