Stroomsteuring tydlik oplost

09 feb 2006 - 17:44

De grutte stroomsteuring yn it suden fan de provinsje is tydlik oplost. De steuring begûn neidat kabels by Follegea per ûngelok stikken lutsen waarden by baggerwurk.

In goeie 6000 húshâldings sieten sûnder elektrisiteit, lykas de doarpen Sint Nyk, Langwar, Follegea, Jiskenhuzen, Wâldsein, Diken, Spannenburch, Tsjerkgaast en in part fan 'e Lemmer. Ek bedriuwen sieten sûnder stroom. Hoe grut de skea is, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)