Stroomsteuring troch stienmurd

07 sep 2007 - 17:40

In stienmurd hat tongersdeitejûn sa'n 10.000 húshâldens yn Akkrum, Aldehaske en op 'e Jouwer yn it tsjuster set. De murd biet in kabel fan 10.000 folt yn in transformaasjestasjon yn Aldehaske stikken.

Der waard fluch oerskeakele op in reserve transformator, wêrtroch eltsenien nei twa minuten wer stroom hie. Neffens NUON bart it mar komselden dat in bist in swiere stroomkabel stikken byt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)