Stroomsteuring troch flearmûs

23 sep 2004 - 14:12

In grut part fan it noardwesten fan Fryslân hat tongersdei hast trije kertier sûnder stroom sitten. Dat kaam troch in eksploazje yn in ûndertstasjon by Hjerbeam.

Ofrûne snein waard itselde gebiet ek al troffen troch in stroomsteuring. Ek doe wie der koartsluting yn it ûnderstasjon by Hjerbeam. Enerzjybedriuw Nuon tinkt dat in flearmûs yn it ûnderstasjon krûpt is en in eksploazje feroarsake hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)