Stroomsteuring treft treinen

24 jul 2010 - 08:38

It treinferkear fan en nei Ljouwert hat sneontemoarn trije oeren stillein. Oarsaak wie in stroomsteuring yn Ljouwert. Op de trajekten Ljouwert-Zwolle, Ljouwert-Grins, Ljouwert-Harns en Ljouwert-Starum waarden passazjiers mei bussen ferfierd. Sûnt njoggen oere ride de treinen wol wer.

De stroomsteuring wie om healwei fjouweren. De treinen koene earst noch op har akku's ride, mar moasten der om healwei seizen mei ophâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)