Stroomsteuring treft Omrop

29 okt 2010 - 17:28

Omrop Fryslân is freed troffen troch in earnstige technyske steuring. It omropnetwurk en alle radio- en tv-studio's sieten sûnder stroom. Fan healwei fiven ôf wiene de live radio en tv-útstoerings út de loft.

De radio-útstjoering waard nei in dik kertier fuortset fanút de radiowein. De tv-útstjoering begûn letter as oars en yn plak fan mei Hjoed begûn it programma om 18.00 oere mei Hea! It Fryske tv-nijs koe om 19.00 oere wer útstjoerd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)