Stroomsteuring stasjon Ljouwert

20 aug 2006 - 15:08

In stroomsteuring op it stasjon fan Ljouwert hat sneon in grut part fan de jûn it treinferkear lam lein. Fan gjin inkele kant koene treinen Ljouwert yn of út.

De steuring ûntstie om in oere of seis. It duorre oant seker acht oere foar't de stroom wer oansluten wie. De ferfiersbedriuwen NS en Arriva ha yn de tuskentiid bussen ynset. Net earder as let op de jûn rieden de treinen wer neffens skema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)