Stroomsteuring spoar foarby

28 jul 2011 - 20:48

De problemen op it spoar tusken Bûtenpost en Grins binne wer foarby. Earder tongersdei rieden der bussen op it trajekt fanwege in stroomsteuring. Reizgers hiene dêrtroch in fertraging fan tusken it heal oere en in oere.

De problemen begûnen oan de ein fan de middei en duorren oant in oere as njoggen jûns. Wat de oarsaak fan de stroomsteuring west hat, is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)