Stroomsteuring op yndustryterrein De Hemmen yn Snits

15 jan 2015 - 13:54
  • Liander

In grut part fan de bedriuwen op yndustryterrein De Hemmen yn Snits hie tongersdei tusken de middei lêst fan in stroomsteuring. Under oaren de winkels op de wenbûlevaar sieten fan 12 oere ôf in skoftke yn it tsjuster.

Yntusken is by in grut part fan de bedriuwen de stroom wer werom. Neffens Liander is de oarsaak fan de steuring noch net dúdlik. Om goed fiif oere moat oeral de stroom wer werom wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)