Stroomsteuring op It Amelân

01 aug 2003 - 00:00

In part fan Hollum op It Amelan siet sûnt tongersdeitenacht sûnder stroom. Fan de 16 transformatorhúskes op it eilân wurkje twa noch net. De Schellingerstrjitte en de Westerlaan hienen freedtemoarn noch lêst fan de stroomsteuring. De supermerk hie wol stroom, húshâldingen earst noch net.

De NUON kaam mei in ekstra boat nei it eilân om needstroomaggregaten oan te sluten. Tusken de middei wienen de needaggregaten oansletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)