Stroomsteuring op De Jouwer

27 maaie 2003 - 00:00

In stroomsteuring soarge tiisdeitemoarn foar oerlêst op De Jouwer. Undernimmers yn it sintrum koenen de winkel wol ticht hâlde, want kassa's en kompjûters dienen it net. De steuring ûntstie om acht oere doe't troch wurksumheden by park Heremastate in kabel rekke waard.

Sa'n tûzen húshâldingen hienen gjin stroom mear. Amtners op it gemeentehûs koene wurkje om't in needaggregraat foar stroom soarge. Om tolve oere hinne wie de steuring oplost.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)