Stroomsteuring by ôffaloven

11 maaie 2011 - 10:22

Der hat tiisdeitejûn in stroomsteuring west by de ôffaloven yn Harns. Dêrtroch moast de stoom dy't gewoanwei fia de turbine nei bûten litten wurdt fia in needklep op it dak fan it gebou frijlitten wurde. Neffens in wurdfierder fan ôffalferwurker Omrin jout dit in bulderjend lûd.

Op de berjochteside Twitter waard oer it foarfal skreaun. Minsken hearden in nuver lûd en rûkten wat frjemds. Omrin hat it foarfal by de REC fuortdaliks meld by de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)