Stroomsteuring Noardwest-hoeke

30 mrt 2005 - 17:26

Yn Noardwest-Fryslân hat woansdei oan it begjin fan de middei in grutte stroomsteuring west. Om goed healwei ienen foel dêr de stroom út. De steuring hat oardel oere duorre.

Troch de steuring rieden der gjin treinen tusken Ljouwert en Mantgum. By it wafelfabryk fan Helwa yn Hallum koe in skoftlang net produsearre wurde. Enerzjybedriuw NUON is noch dwaande om de krekte oarsaak fan de steuring te efterheljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)