Stroomsteuring Ljouwert foarby

25 maaie 2011 - 15:00

De stroomsteuring yn parten fan Ljouwert is foarby. Om 13.20 oere hiene de 1200 húshâldings wer stroom. Woansdeitemoarn flak foar sân oere foel de stroom út troch in kapotte kabel.

Netwurkbehearder Enexis hat de kabel makke. Dat duorre langer as normaal om't de reservekabel ek stikken wie. Dêrom koe de stroom net omlieden wurde. Enexis sette dêrom in grut aggregaat yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)