Stroomsteuring Ljouwert

18 sep 2009 - 13:28

Yn in part fan it sintrum fan Ljouwert by de Tesselschadewei hat freed oardal oere lang in grutte stroomsteuring west. In graafmasine hat in kabel rekke en it like der earst op dat ynstellings lykas thússoarch Het_Friese_Land it de hiele dei sûnder stroom dwaan moasten.

Dat wie in probleem want allinnich dêr al komme elke dei goed 500 telefoantsjes binnen op de soarchsintrale. Der wie lang eins mar ien telefoanlijn beskikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)