Stroomsteuring Grou en omkriten

16 okt 2006 - 17:44

Tolvehûndert hûshâldens yn de omkriten fan Grou ha moandeitemiddei sûnder stroom sitten. Om fjouwer oere foel de stroom út yn ûnder oare Grou, Aldeboarn en de Feanhoop.

It hat goed twa oeren duorre foar't netbehearder NUON it probleem oplosse koe. It is de trettjinde kear dat der dit jier in stroomsteuring west hat yn in part fan Fryslân. NUON seit dat dit net mear is as normaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)