Stroomsteuring gauwer te finen

08 jun 2011 - 16:18

Netbehearder Liander ferwachtet stroomsteurings tenei gauwer op te lossen. By in steuring is in monteur no in heal oere dwaande om by transformatorhúskes del te gean om de oarsaak te finen. In nij apparaat moat no binnen ien minút dúdlik meitsje wêr't de oarsaak sit. Der kin ek sjoen wurde wêr't ynienen mear stroom brûkt wurdt en wêr't de stroomfoarsjenning minder wurdt.

In húshâlden sit trochinoar in heal oere yn it jier sûnder stroom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)