Stroomsteuring by bedriuw

08 okt 2007 - 11:18

EKB Industriële Automatisering yn Drachten hat moandei twa oeren sûnder stroom sitten. Dat kaam troch wurk oan 'e Fahrenheitleane dêr't in kabel by rekke wie. By it bedriuw wurkje sechtich minsken. In grut part fan harren wurket mei de kompjûter.

Nei ferwachting is de skea troch de stroomsteuring 5000 euro. It bedriuw sil besykje dat jild werom te krijen fan it enerzjybedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)