Stroomkabel stellen yn Warkum

20 jul 2007 - 11:04

Op in parkearterrein by Spannum hat de plysje tongersdeitenacht in 51- jierrige man út Ljouwert oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan it stellen fan in krachtstroomkabel út in fabryk yn Warkum.

In befeiliger fan it bedriuw hie de man dwaande sjoen en de plysje belle. Op de provinsjale dyk by Spannum waard de man oanhâlden en nei it plysjeburo brocht. Hy sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)