Stroomdief pakt yn Frjentsjer

06 des 2011 - 10:24

In 57-jierrige man is moandei yn Frjentsjer oanhâlden foar it stellen fan stroom. Yn syn hûs ûntduts de plysje freed dingen om in himpkwekerij mei te begjinnen. Der wie ek griemd mei de elektrisiteitsfoarsjenning. Dêrom skeakele de plysje it elektrisiteitsbedriuw yn, dat de stroom ôfsleat en fersegele.

In pear dagen letter seach de plysje it ljocht yn it hûs fan de man folop baarnen. Dêrop is de man oanhâlden foar it yllegaal ôftaapjen fan stroom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)